Wethâlder Wassink net yn foar nije termyn

novimber 29, 2021 09:31

De Ljouwerter wethâlder Bert Wassink hat op de online Algemiene Ledegearkomste fan de ôfdieling Ljouwert fan GrienLinks sein dat er nei de riedsferkiezing fan maart takomme jier net wer as wethâlder beskikber is. Hoewol’t syn wurk him tige ynspirearre, hawwe hy en de frou dochs besletten om nei jierren fan gauris ferhúzjen har yn Drouwen (Dr.) nei wenjen te setten.

Wassink (64) is sûnt 1 april 2020 wethâlder foar GrienLinks. De partij wie mei him ynnommen in Leeuwarden. Neffens Marja Reijndorp, bestjoersfoarsitter fan GL Ljouwert, stiet er ticht by de boargers en is er maklik oan te sprekken. Hy wist griene en linkse idealen foarinoar te krijen.

novimber 29, 2021 09:31
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.