Wentefoarrie Fryslân bliuwt efter
Resint ferskynd
Yn Fryslân binne yn 2021 oant en mei it tredde fearnsjier 1.170 wenten by kommen. De wentefoarrie gie dêr mei 0,38% fan 304.693 wenten op 1 jannewaris nei 305.863 wenten op 30 septimber mei omheech. Ofset tsjin it tal ynwenners naam de wentefoarrie dêrmei 43,3% minder ta as yn trochsneed yn Nederlân. Dat docht bliken út in analyze fan VvE- en fêstgoedbehearder Parel Beheer, dy’t koartlyn ferskynde sifers fan it Sintraal Buro foar de Statistysk (CBS) ûnder de loep naam.

Ofbylding: pixabay.com
Der kamen yn Fryslân op hûnderttûzen ynwenners 180 wenten by, wylst de wentefoarrie yn Nederlân yn trochsneed mei 317 wenten op hûnderttûzen ynwenners tanaam. Allinnich yn de provinsje Seelân kamen der ôfset tsjin it tal ynwenners minder wenten by. De ôfrûne fiif jier naam de wentefoarrie net earder mei sa’n bytsje ta.
Grutte provinsjale ferskillen
Yn de provinsjes Súd-Hollân en Noard-Hollân kamen der yn absolute oantallen de measte wenten by, mar ôfset tsjin it tal ynwenners naam de foarrie yn de provinsjes Flevolân en Utert it fluchst ta. Yn de provinsjes Seelân, Fryslân en Oerisel naam de wentefoarrie sawol op basis fan it totale tal wenten as ôfset tsjin it tal ynwenners, it minst ôf.
Besjoch hjir de folsleine útkomsten, mei dêrby de analyze fan alle provinsjes.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje