Walloanië wol Nederlânsk ferplichte skoalfak meitsje

novimber 24, 2021 12:09

Yn Flaanderen leare alle learlingen Frânsk op skoalle, mar oarekant de taalgrins is it omkearde net wier. Mar ien op ‘e trije folget Nederlânsk as fak. Allinne yn Waalsk-Brabân, tsjin Brussel oan, leit dat dúdlik heger: dêr binne it twa op ‘e trije.

It ferskil tusken Flaanderen en Walloanië is dat Flaanderen de oare grutte lânstaal op skoalle ferplichtet, wylst learlingen yn Walloanië kieze meie tusken Ingelsk en Nederlânsk. In protte fan harren tinke dat hja mear oan it Ingelsk hawwe.

Dat is net sa, seit de Frânsktalige griene partij Ecolo. Yn België wurdt kennis fan sawol it Nederlânsk as it Frânsk hieltyd wichtiger om in baan te finen. Boppedat draacht kennis fan beide talen by oan de ienheid fan België. De partij pleitet der dêrom foar om fan it Nederlânsk yn Walloanië in ferplicht fak te meitsjen. Ecolo makket diel út fan de Waalske regearingskoälysje en de oare twa Waalske regearingspartijen lykje der net op tsjin te wêzen. Nei alle gedachten sil it Waalske regear ynkoarten in wetsfoarstel oan it parlemint foarlizze.

De Waalske universiteiten wize derop dat it ynfieren fan it Nederlânsk as ferplichte fak op alle skoallen al liede sil ta leararekrapte. Der moat dan al in plan komme om folle mear minsken op te lieden ta learaar Nederlânsk, ornearje hja.

novimber 24, 2021 12:09
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.