‘Wâldpykpaad’ wint LF2028-priis

novimber 25, 2021 15:56

Stichting MeM is de winner fan de LF2028-priis yn de regio Noardeast-Fryslân. Hjoed krige Atsje Lettinga fan dy Stichting, de byhearrende sjek fan 2028 euro oerlange. It bedrach is in oanmoedigingspriis dy’t troch it Iepen Mienskipsfûns (IMF) yn oparbeidzjen mei LF2028 opset is. Nei alle iepenstellingsperioaden fan dit subsydzje kiest de sjuery foar alle regio’s út trije nominearre IMF-projekten in winner. Stichting MeM krige earder fan ’t jier IMF-subsydzje foar it projekt ‘Wâldpykpaad’.

Lid fan de advyskommisje Berber Dedden (r) langet de sjek fan 2028 euro oer oan Atsje Lettinga (l), foarsitter fan Stichting MeM.

Wâldpykpaad Bûtenpost
It Wâldpykpaad is in rûte foar de echte Wâldpiken dy’t bûten de paden kuierje wolle. Besikers kinne oer de skoupaden fan de Egyptebosk kuierje. Oan rolstoelbrûkers is ek tocht, mei in alternatyf paad. Mei it projekt wol Stichting MeM jonge húshâldingen, bern en besikers op unike wize by de (wen)krite behelje. Fia in kuierrûte mei opdrachten leare se oer de kultuer en it unike kûliselânskip fan de Noardlike Fryske Wâlden, dêr’t de elzesingels en de pingo’s ek y hearre. It Wâldpykgefoel stiet dêr sintraal by. Mei it subsydzje wurdt û.o. in rûtekaart, edukaasjemateriaal en in digitale audiotoer ûntwikkele.

Sjueryrapport
De sjuery jout yn syn rapport de neikommende taljochting: De sjuery is entûsjast oer de wize dêr’t yn dit projekt minsken op oerhelle wurde om mei nije eagen nei harren eigen wenomjouwing te sjen. Kennis fan de natuer yn de eigen leefomjouwing sil bydrage oan de wurdearring dêrfan en it soargjen dêrfoar. It projekt is in moaie gearwurking fan ferskate partijen en biedt in leechdrompelige opstap foar minsken mei in minder kânsrike posysje yn de maatskippij. De sjuery hopet, dat de Bonuspriis bydraacht oan moai foarmjûn byldmateriaal foar natuer- en miljeu-edukaasje.

Ut de selektearre projekten fan de oare fjouwer regio’s hat de sjuery ek in priiswinner keazen. Dy krije elk ek in bedrach fan 2028 euro. De sjueryleden binne Immie Jonkman, direkteur fan Arcadia (LF 2028) en Judith Baarsma fan Keunstwurk.

novimber 25, 2021 15:56
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.