Waarpraatsje: Wat mylder

novimber 16, 2021 18:04

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – Nei twa skrouske en tige grize dagen, wurdt it fan woansdei ôf wat mylder.

Yn ‘e nacht fan tiisdei op woansdei is de loft berûn en der kin sa út en troch wat (sto)rein falle. De wyn giet nei it suden oant súdwesten en is swak oant matich. De temperatuer leit tusken de 5 en 10 graden.

Woansdei wurdt de kâns op (wat) sinne geandewei grutter. De matige wyn rommet fan it súdwesten nei it westen. By de kust lâns en yn it Waadgebiet stiet wat mear wyn. It wurdt mei 11 graden wat mylder as de lêste dagen.

Tongersdei en freed is it wer skier, mar wol oan ’e mylde kant en it bliuwt, sa goed as, drûch.

Jan Brinksma

 

novimber 16, 2021 18:04
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.