Waarpraatsje: Twa mylde dagen
Resint ferskynd

Foto © Jan Brinksma
DE JOUWER – Nei in pear dagen mei kâlder waar, wurdt it no wer efkes mylder. Letter yn ‘e wike komt de ‘kjeld’ werom.
Yn ‘e nacht fan moandei op tiisdei rekket de loft berûn en letter set it op in reinen. De wyn komt út it súdwesten oant westen en boazet flink oan. Boppe it fêstelân wurdt de wyn matich oant frij krêftich, mar by de kust lâns hurd. De temperatuer leit om de 3 graden hinne.
Tiisdei sil it in skoft reine, mar yn ‘e middei wurdt it drûger en miskien klearret it noch wat op. De matige oant frij krêftige westewyn jout him yn ‘e rin fan ‘e dei efkes del, mar boazet letter wer oan en komt dan út it súdwesten. Mei in graad as 8 is it in stik mylder as de lêste dagen.
Woansdei is it ek noch myld. It wurdt boppedat in wiete en rûzige hjerstdei.
Jan Brinksma
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje