Waarpraatsje: Sneon rein, snein drûch
Resint ferskynd

Foto © Jan Brinksma
DE JOUWER – De sinne hat freed yn Fryslân wer skynd, mar net oeral like folle en like lang. Yn it wykein falt der op sneon rein, mar snein bliuwt it drûch.
Yn ‘e nacht nei sneon ta is de loft berûn en it reint sa út en troch. De wyn komt út it suden oant súdwesten en is matich, by de kust lâns en boppe de Iselmar frij krêftich oant krêftich. De temperatuer leit om de 8 graden hinne.
Sneon kin it earst noch sa út en troch reine, mar geandewei de moarn wurdt it drûch en letter soene wy de sinne miskien noch wol efkes te sjen krije kinne. De swakke oant matige wyn rommet letter op ‘e dei fan it sudwesten nei it noardwesten. It wurdt 10 graden.
Snein bliuwt it drûch, mar it is wol skier en by in matige noardeastewyn sil it wer 10 graden wurde.
Moandei en tiisdei sjogge wy de sinne ek net in soad. Op beide dagen is it drûch en mei in graad as 8 wurdt it in bytsje kâlder.
Jan Brinksma
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje