Waarpraatsje: Skiere woansdei

novimber 23, 2021 16:34

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It waar fan tiisdei like bot op dat fan moandei, mar woansdei wurdt in skiere dei.

Yn ‘e nacht fan tiisdei op woansdei is de loft berûn en op guon plakken soe (wat) damp ûntstean kinne. Der stiet hast gjin wyn en de temperatuer leit tusken de 5 en 9 graden.

Woansdei kin it earst noch dampich wêze en it bliuwt skier mei kâns op wat storein. By in swakke oant matige sudewyn leit de temperatuer om de 8 graden hinne.

Tongersdei wurdt it noch in graad as 7, mar fan freed ôf sil it kâlder wurde.

Jan Brinksma

novimber 23, 2021 16:34
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.