Waarpraatsje: Rûzige woansdei

novimber 30, 2021 19:11

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – Nei in skiere en sa út en troch wiete tiisdei krije wy in rûzige woansdei. Dêrdei wurdt it wer kâlder.

Yn ‘e nacht nei woansdei ta is it bewolkt en it (sto)reint sa út en troch. De súdwestewyn is frij krêtich, by de kust lâns en boppe de Iselmar krêftich oant hurd. It wurdt 7 graden.

Woansdei is de loft earst berûn en it kin noch in skoft reine. Letter sil it wat opklearje, mar dan falle der wol in pear buien. De westewyn is matich oant frij krêftich, by de kust lâns krêftich oant hurd en yn ‘e middei efkes stoarmich. Der is boppedat rûnom yn Fryslân kâns op swiere wynpûsten. De temperatuer leit om de 7 graden hinne.

Fan tongersdei ôf wurdt it wer kâlder.

Jan Brinksma

novimber 30, 2021 19:11
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.