Waarpraatsje: Rêstich en oan de mylde kant

novimber 19, 2021 18:24

Greonterp. Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – Nei in kreaze en mylde freed mei op de measte plakken in soad sinne krije wy in rêstich wykein, mar wy sjogge de sinne wol minder as freed.

Yn ‘e nacht fan freed op sneon kin it earst noch helder wêze, mar geandewei rekket de loft, nei alle gedachten, berûn. De wyn komt út it súdwesten en is swak oant matich, mar by de kust lâns matich oant frij krêftich. De temperatuer leit tusken de 5 en 9 graden.

Sneon is it skier, mei sa út en troch wat storein. De súdwestewyn is matich, by de kust lâns frij krêftich. It wurdt 10 graden.

Snein is de kâns op wat sinne grutter as sneon, mar der kin wol in bui falle. By in matige noardwestewyn sil it 9 graden wurde.

Takomme wike wurdt it kâlder.

Jan Brinksma

novimber 19, 2021 18:24
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.