Waarpraatsje: Rêstich

novimber 22, 2021 18:52

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – Nei in frisse nacht (Ljouwert 0,4) waard it in kreaze moandei mei flink wat sinne, mar der foelen rûnom ek wat buikes. It bliuwt foarearst hiel rêstich hjerstwaar.

Yn ‘e nacht nei tiisdei ta rekket de loft berûn en letter soe it sa út en troch wat reine kinne. De westewyn is swak, mar by de noardlike kust lâns matich oant frij krêftich. De temperatuer leit om de 5 graden hinne.

Tiisdei wikselje bewolking en wat sinne inoar ôf, mar der kinne ek wat buikes falle. De wyn komt út it westen en is swak, mar by de noardlike kust lâns matich. It wurdt in graad as 10.

Woansdei soe wolris in dampige dei wurde kinne.

Jan Brinksma

novimber 22, 2021 18:52
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.