Waarpraatsje: Oan ’e kâlde kant

novimber 14, 2021 19:53

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – Nei in hiel kreaze sneon en in snein sûnder sinne, krije wy no in pear dagen mei in temperatuer ûnder de 10 graden.

Yn ‘e nacht nei moandei ta is de loft berûn en by in swakke oant matige easte- oant noardeastewyn wurdt it 7 graden.

Moandei sjogge wy de sinne net, mar it bliuwt wol drûch. De swakke oant matige wyn komt út it noardeasten. It sil net folle waarmer wurde as 8 graden.

Tiisdei it it ek noch oan ’e kâlde kant, mar fan woansdei ôf wurdt it wer wat mylder.

Jan Brinksma

novimber 14, 2021 19:53
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.