Waarpraatsje: Net kâld

novimber 17, 2021 18:14

Foto Jan Brinksma

DE JOUWER – It bleau woansdei net hielendal drûch, mar de sinne hat yn elts gefal wer skynd. It bliuwt in pear dagen myld, mar wol wer oan de skiere kant.

Yn ‘e nacht nei tongersdei ta wikselje bewolking en opklearringen inoar ôf. De wyn komt út it súdwesten en is swak oant matich, mar by de kust lâns stiet in matige oant frij krêftige westewyn. De temperatuur leit tusken de 5 en 9 graden.

Tongersdei binne der earst noch in pear opklearringen, mar geandewei rekket de loft berûn. De sudwestewyn is matich, by de kust lâns frij krêftich oant krêftich. It wurdt 11 graden.

Freed wurdt wer in grize dei en by in matige westewyn is it mei 12 graden noch wat mylder.

Jan Brinksma

novimber 17, 2021 18:14
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.