Waarpraatsje: Kâlder

novimber 25, 2021 18:56

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – Nei in suterich begjin waard it noch in hiel kreaze tongersdei. Wy krije no in pear dagen mei kâlder waar.

Yn ‘e nacht nei freed ta wikselje bewolking en opklearringen inoar ôf. Op guon plakken kin in bui falle. De wyn komt út it súdwesten en is swak oant matich, mar by de kust lâns stiet in frij krêftige westewyn. De temperatuer leit om de 3 graden hinne.

Freed is der earst noch kâns op wat sinne, mar geandewei rekket de loft berûn en reint it in skoft. De sudewyn boazet oan en wurdt boppe it fêstelân matich oant frij krêftich. By de kust lâns stiet noch wat mear wyn en yn it Waadgebiet is der kâns op flinke wynpûsten. It wurdt net folle waarmer as 5 graden.

Yn it wykein bliuwt it oan ’e kâlde kant.

Jan Brinksma

novimber 25, 2021 18:56
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.