Waarpraatsje: Kâlder
Resint ferskynd

Foto © Jan Brinksma
DE JOUWER – Nei in griize sneon mar in hiel kreaze snein wurdt it yn ‘e nije wike kâlder, mar fan winterwaar is noch gjin sprake.
Yn ‘e nacht nei moandei ta is it op de measte plakken helder. De wyn komt út it noarden oant noardeasten en is swak, by de kust lâns matich oant frij krêftich. De temperatuer leit tusken de 2 en 7 graden.
Moandei skynt de sinne flink, mar by de kust lâns soe bewolking de sinne wolris dwers sitte kinne. By in swakke oant matige noardewyn leit de temperatuer om de 7 graden hinne.
De oare dagen fan dizze wike sjogge wy de sinne net in soad, mar it bliuwt wol, sa goed as, drûch.
Jan Brinksma
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje