Waarpraatsje: Kâld wykein

novimber 26, 2021 17:45 Fernijd

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It wie freed ûnlijich en yn it wykein is it ek kâld, mar wol mei wat minder wyn.

Yn ‘e nacht fan freed op sneon wikselje bewolking en wat opklearringen inoar ôf. It kin sa út en troch ek noch wat reine. De swakke wyn komt út rjochtingen tusken it súdeasten en it súdwesten. It wurdt 2 graden.

Sneon is de loft berûn en it reint sa út en troch wat. In hiel lyts bytsje wite snie is net hielendal útsletten. Yn ‘e jûn kin it miskien op guon plakken dampich wurde. By in swakke oant matige sudewyn wurdt it oerdei in graad as 4.

Yn ‘e nacht fan sneon op snein kin it in graadsje frieze en snein bliuwt it by in matige noardwestewyn net hielendal drûch, mar wy sjogge miskien ek noch wol in glimp fan ‘e sinne. It wurdt 5 graden.

Moandei is it noch kâld, mar fan tiisdei ôf wurdt it wer mylder.

Jan Brinksma

novimber 26, 2021 17:45 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.