Waarpraatsje: Fan freed ôf kâlder

novimber 24, 2021 19:32

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It wie woansdei in skiere mar ek kâlde dei. Fan freed ôf wurdt it echt kâlder.

Yn ‘e nacht fan woansdei op tongersdei is de loft berûn en op guon plakken kin it wat faaks (sto)reine. By in swakke oant matige sudewyn leit de temperatuer om de 6 graden hinne.

Tongersdei is de loft earst berûn en der is kâns op noch wat (sto)rein, mar geandewei klearret it op en sjogge wy de sinne wer efkes. Der kâns op in bui bliuwt. De wyn rommet yn ‘e rin fan ‘e dei fan it westen nei it noardwesten en boazet wat oan. Boppe it fêstelân wurdt de wyn matich, by de kust lâns frij krêftich. It wurdt 8 graden.

Fan freed ôf sil it kâlder wurde mei in lytse kâns op wat winterske delslach.

Jan Brinksma

novimber 24, 2021 19:32
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.