Undersyksburo: net noch mear wetten foar it Frysk

novimber 11, 2021 11:17

It hat gjin doel om noch mear nije wetten te meitsjen om it Frysk te beskermjen. Dat seit ûndersyksburo Pro Facto út Grins. By Pro Facto wurkje wittenskippers dy’t saakkundich binne op juridysk en bestjoerskundich mêd. Hja binne ein 2020 begûn mei it evaluearjen fan alle Nederlânske en ynternasjonale regels op it mêd fan de Fryske taal, om nei te gean oft dy ûnfoldwaande binne om de takomst fan de taal feilich te stellen.

Kommissaris fan de Kening Arno Brok skriuwt oan Provinsjale Steaten dat de ûndersikers konstatearre hawwe dat de besteande wetten al in soad mooglikheden jouwe, mar dat dêr noch net genôch gebrûk fan makke wurdt. Fierders is it de kontrôle op it neilibjen fan de wet dy’t net goedgiet. Benammen de ferplichtings yn it Europeesk Hânfêst foar regionale talen of talen fan minderheden wurde net goed neikommen. Mear kontrôle op ’e praktyske útfiering is dêrom neffens Pro Facto better as nije wetjouwing.

Wêr’t neffens de ûndersikers noch wol winst te beheljen is foar it Frysk, is yn de kar fan maatregels foar it Frysk yn it Europeesk Hânfêst. Oerheden binne net ferplichte om alles te dwaan wat yn it Hânfêst stiet, mar kinne sa’n fjirtich doelen útsykje. De Nederlânske oerheid hat net altyd de meast ambisjeuze ferplichtings útsocht. Dat soe navenant ienfâldich oars kinne, neffens Pro Facto.

Deputearre Steaten fan Fryslân wolle op it advys fan Pro Facto ôfgean en net stribje nei in nije Ramtwet foar it Frysk. Sels wurk meitsje fan mear sichtberens fan de Fryske taal is neffens Brok in bettere strategy. Fierders wol er in politike lobby yn De Haach begjinne foar de kar fan oare doelen út it Hânfêst.

novimber 11, 2021 11:17
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. Lb novimber 11, 19:23

    EALA BROK!

  2. Wopke novimber 12, 08:41

    Der moat in wet komme dy’t ynstee fan in tik op de fingers in grutte boete útdiele mooglik makket. Dy tik op de fingers fan de EU elk jier leit nl gewoan neist har del.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.