Underskieding foar warbere Sealterfries Karl-Peter Schramm
Resint ferskynd

De Sealterfries Karl-Peter Schramm hat yn Berlyn in ûnderskieding krige fan minister fan Ynlânske Saken Horst Seehofer. Schramm krige it krús fan fertsjinste foar it wurk dat er tsientallen jierren lang dien hat foar it Frysk fan Sealterlân, in Dútske gemeente dêr’t in pear tûzen minsken in foarm fan East-Frysk prate.
Schramm is oprjochter fan de Dútske minderhederie, dy’t opkomt foar minderheidstalen lykas Frysk, Sorbysk en Deensk. Fierders hat er lang warber west foar minderhede-organisaasje FUEV en foar de Sealterfryske kultuerorganisaasje Seelter Buund.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje