Tusken fielen en tinken

novimber 2, 2021 11:48

Ynstjoerd

Okkerjiers frege in goekunde my: “Ben je gelovig?” Dêr moast ik lang oer neitinke, mar doe sei ik: “Net mei myn ferstân, mar wol mei myn gefoel.” Letter tocht ik: “Wêr komt dat ek al wer wei?” Doe tocht ik werom oan doe’t ik in jier of tweintich wie. Ik fytste doe yn in boskkrite yn ’e buert fan Waalre by Eindhoven, dêr’t ik doe wurke, fier fan hûs. Doe krige ik ynienen it gefoel: “Der is wat, hjir om my hinne.” En dat is altyd bleaun, dan wer fergetten en dan wie it der wer. In gefoel fan leafde om jin hinne. Net om djip earbiedich foar te bûgen, mar earder mei de earms útinoar bliid nei op te sjen. Dat jout ek it gefoel dat ik myn leave deaden wer sjen sil. Myn âlden kamen út tradisjonele herfoarme húshâldings, mar ús heit sei, mei Multatuli: “Mijn God, er is geen God.” Mar ús mem sei: “Ik tink wol dat der wat is.” Dat lêste is by my grif hingjen bleaun.

Miskien is dat ek wat bisten fiele. Lykas dy kat dy’t altyd werom giet nei it plak dêr’t er syn kammeraat moete, ek al is dy al lang lyn deariden. Yn it Bibelboek Genesis stiet dat Adam en Eva ieten fan de beam om te witten fan goed en kwea. En doe waarden se ta straf út it paradys ferdreaun. Dat liket in krekte beskriuwing fan de primitive minske dy’t leart om analytysk te tinken. It paradyslike gefoel wurdt hieltiid fersteurd troch de konsekwinsjes fan dat tinken. Yn dy situaasje kriget de minske sterk ferlet fan treast. En dan binne der profeten, dy’t iepenbieringen krije fan in bettere wrâld of himel. Sa soene dan oeral de godstsjinsten ûntstien wêze kinne.

Mar dan komt yn de moderne tiid de wittenskip, dy’t fraachtekens set by wat de godstsjinsten leare. En sa ferdwynt foar gâns minsken de treast. Mar de wittenskip lit ek fraachtekens iepen, lykas ‘Wat is telepaty en hoe ferrûn it earste begjin fan ‘e Grutte Klap dy’t oan it begjin fan ús hielal stie?’ En sa wurdt wittenskip ek ta in soarte religy, dy’t dan gâns betizing jaan kin. Miskien moatte wy der frede mei hawwe, dat ús minsklike kennis noch tige beheind is en dat wy dêrneist altyd ús gefoelens hawwe, dy’t hope jouwe.

Pyt Kramer

novimber 2, 2021 11:48
Skriuw in reaksje

4 opmerkingen

  1. Bakker novimber 3, 08:03

    Moai sein!

  2. Joute De Graaf novimber 3, 11:03

    Kramer skriuwt sa’t ik it ek beskogje. Moai ferwurde ek.

  3. Klaske Hiemstra novimber 3, 17:35

    Ik leau ek. En ik stean faak fersteld fan de wunders dy’t der gebeure yn Jezus’ name. Mar ja, ik gean ek nei de tsjerke no.

  4. Jikke Daems Jelsma novimber 3, 19:03

    Mooi skrean troch fan Pyt Kramer.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.