Trouw nimt it op foar anty-Katalaanske Spaansktaligen

novimber 17, 2021 13:01

“Je voelt je een vreemdeling in eigen land” stiet boppe in stik oer de Katalaanske taalstriid yn Trouw fan hjoed. It bart net faak dat de Nederlânsktalige kranten omtinken hawwe foar de ûnderdrukking fan lytse regionale talen. It nuvere is lykwols dat Trouw net in Katalaan oanhellet dy’t him hieltyd ferbrekke moat. It giet om kleiende ymport yn Falensia, dy’t it mar neat fynt dat der op ‘e basisskoalle fan har bern Katalaansk praat wurdt.

It stik stiet fol mei klachten fan minsken dy’t it mar neat fine dat der yn Kataloanië, Falensia, de Balearen en Baskelân eigen talen binne. In meiwurkster fan de anty-minderheidstale-organisaasje Hablamos Español komt wiidweidich oan it wurd. Se wurdt sitearre as: “Een moeder hing huilend aan de telefoon”, om’t se nei Baskelân ferhuze wie en der op de skoalle fan har bern allinne mar Baskysk praat waard. In oar gefal fan wat de krante “taaldiscriminatie” neamt, is in frou dy’t klage dat har pensjoenpapierren yn it Katalaansk wiene. De frou hie fjirtjich jier foar in Katalaansktalige gemeente yn Falensia wurke en nea Katalalaansk leard. Der wurdt sels in 17-jierrige jonge oan it wurd litten: “Wat heb ik eraan dat ik alle geografische namen in het Valenciaans ken?”

Oer it geweld fan de Guardia Civil tsjin Katalaanskpraters skriuwt de krante neat, ek net oer de druk dy’t sprekkers fan lytse talen altyd fiele om harren te ferbrekken, of oer de problemen dy’t der ek yn Kataloanië binne om yn de rjochtbank Katalaansk te praten.

Wol giet Trouw yn op it feit dat kolleezjes oan de universiteiten yn it Katalaanske taalgebiet dy’t neffens de stúdzjegids yn it Katalaansk jûn wurde, faak dochs Spaansktalich binne, as der ien Spaansktalige studint by sit. Faak ferbrekt de dosint him dan, ta argewaasje fan guon Katalaansktalige studinten. Der is no in aksje geande om klachten tsjin universiteiten te sammeljen dy’t har net oan har eigen taalbelied hâlde. Trouw lit in studint oan it wurd dy’t fynt dat der tefolle fakken yn it Katalaansk jûn wurde én ien dy’t it ferfelend fynt dat dosinten harren ferbrekke. Dêrnei komt Hablamos Español wiidweidich oan it wurd. Dy organisaasje hat it der net oer dat studinten rjocht hawwe op de taal út de stúdzjegids, mar kriget fan Trouw alle romte om de klachteproseduere as in hetze ôf te skilderjen en raar guod oer minderheidstalen te spuien.

novimber 17, 2021 13:01
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.