Tjibbe Hooghiemstra & Douwe Kootstra – ‘Stabij’
Resint ferskynd

Boarne: Bornmeer
Kommende wike ferskynt by útjouwerij Bornmeer it boek Stabij, mei tekeningen fan Tjibbe Hooghiemstra en ferhalen fan Douwe Kootstra.
Tjibbe Hooghiemstra (byldzjend keunstner) en Douwe Kootstra (skriuwer en ferteller) ha in soad niget oan stabijen. Tjibbe hat al jierren sokke hûnen. Dy ynspirearren him ta in grutte seary tekeningen. Los fan Tjibbe syn ferbyldingen skreau Douwe ferhalen dy’t ien oerienkomst ha: in stabij spilet de haadrol. De miks fan byld en tekst makket Stabij ta in bysûnder boek. Gjin hûneboek yn de klassike sin mar in oade oan de minske yn it bist.
ISBN 978 90 5615 850 7 | bûn | 96 siden | € 14,90
Stabij is te keap by de boekhannel en fia www.bornmeer.nl.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje