Tebeksjen op Menno Simons en It Fûnemintboek

novimber 28, 2021 08:00 Fernijd

Wat hjiroan foarôf gie: ‘Fûnemintboek’ Menno Simons (7) | It Nijs

Tebeksjen op Menno Simons en It Fûnemintboek

troch Eric Hoekstra

Yn dit lêste stik wol ik op persoanlike wize tebeksjen op Menno Simons. Ik pretindearje ek gjin wittenskiplike objektiviteit, dy’t neffens my net mooglik is yn saken fan religy en wrâldbeskôging. Wat wol mooglik is, is de subjektive wjergader fan objektiviteit: earlikheid.

Persoanlike noat

Eric Hoekstra foar de Ljouwerter Fermanje

Wêrom haw ik it Fûnemintboek oerset? Yn 2017 haw ik in mystike ûnderfining hân, in aanraking, in oantrún ta moed en blidens dy’t ik fuort as boppenatuerlik beskôge, al hie ik yn myn libben soks nea earder meimakke. Mar ik wist it, sûnder dat ik dat neier útlizze kin. Ik begûn fuort Varieties of religious experience te lêzen, mar ik wist net wêr’t de ûnderfining weikaam. Ik krige troch dy ûnderfining de moed (wylst ik noch siik wie) om fierder te gean mei de geastlike syktocht dy’t yn 2010 nei it ferkennen fan it katolisisme op ’e non rûn wie. Ik gie nei de menistetsjerke yn Ljouwert, omdat yn 2010 immen my oanret hie om dêr ris te sjen nei de mislearre frijaazje mei it roomske leauwe. It is op himsels nuver dat ik dat advys sân jier ûntholden hie. Yn de menistetsjerke barde it wûnder en iepenbiere him de boarne fan de mystike ûnderfining: ik moast hieltyd gûle as der songen waard oer it lijen fan Jezus Kristus. Ik begriep dêr neat fan, want ik gûl net gau. Mar ik begriep fuort dat ik op dat spoar fierder moast. Sa begûn ik de Bibel te lêzen en rekke nei in jier fan (ek wittenskiplik) ûndersyk oertsjûge fan de wierheid dêrfan. Doe moast ik – sjoch de twadde brief fan Johannes – mei de hjoeddeiske menisten brekke om’t se net mear leauwe dat Jezus de Soan fan God is, en omdat se de Bibel net mear yn syn hiele hear en fear as it Wurd fan God erkenne.

De menisten binne yn Nederlân net inkeld frijsinnich wurden, mar ek hast útstoarn: fan de tsientûzenen menisten om 1600 hinne binne der no minder as 5000 meast âlde lju oer. Neffens my is der in relaasje tusken dy frijsinnichheid en dat útstjerren. In dúdlik teken dêrfan is de VPRO, dat oarspronklik betsjutte “Vrijzinnig Protestantse Radio Omroep” en dy’t no in ûn- of sels anty-kristlike omrop is. Troch de iuwen hinne binne groepen, sekten en denominaasjes dy’t te fier ôfwike fan Gods Wurd konsekwint oplost yn de wrâld, wylst der altyd in ortodoks restant bleaun is dat it kristlik leauwe libben holden hat. Troch myn foarskiednis mei de menisten rekke ik benijd nei Menno sels. Sadwaande haw ik it op my nommen en set it bekendste wurk fan de stamheit fan de menisten oer, want de menisten blykten sels neat te witten fan de ynhâld fan Menno syn leauwe. Mar no’t it wurk klear is, freegje ik my wol faak ôf: wêrom hat God my dy tsjerke yn laat? Om de deagraver fan de lêste Nederlânske menisten te wêzen? Of wie de menistetsjerke, paradoksaal genôch, foar myn ûntjouwing ta ortodoks kristen it bêste, sa’t in kaktus it bêst yn ’e woestyn bloeit, yn in fijannich fermidden? Ik begryp it net, mar it is goed sa’t it is. Genôch oer my, no wer nei Menno ta.

Menno syn skriuwstyl

Menno syn skriuwstyl is oars as dy fan Luther en Kalvyn. Menno is in pamflettist, in dramatysk apologeet. Hy smyt mei wurden, hy sketst yn grille kleuren, mar dy kleuren en dy dramatyk betinkt er net sels, mar dy hellet er altyd út syn bibelsitaten wei. En syn wurk tilt op fan de bibelsitaten, oaninoar praat troch himsels. De dramatyk is ek wol te begripen, as men op libben en dea ferfolge wurdt. Luther en Kalvyn koene de fuotten by de kachel waarm hâlde, omdat se de stipe fan de lokale oerheid hiene.

Luther skriuwt flot, Kalvyn is ûnlêsber en Menno sit der kwa lêsberens tuskenyn. Noch Luther noch Kalvyn sitearje sa rynsk út de Bibel, mar se presintearje folle mear ek harren eigen ideeën, harren eigen teology of lêzing fan de Bibel. Menno sit folle tichter op de Bibel, benammen op it Nije Testamint. In oar ferskil: Menno syn krêft leit yn polemyk en argumintaasje. Hy moat him rjochtfeardigje foar syn ferfolgers oer. Dat jildt foar Kalvyn en Luther folle minder, want dy wurde net ferfolge. Menno syn polemyk sprekt ús net sa bot oan, want polemyk is oan tiid bûn. Wy lizze meast net wekker fan de bernedoop, mar doe wie it letterlik in saak fan libben en dea.

Oan tiid bûne striidfragen

Hjir moat oars wol opmurken wurde dat lju dy’t foar de doop fan folwoeksenen binne nea bernedopers ferfolge hawwe en oarsom wol. Dat soe men as in nij argumint beskôgje kinne tsjin de bernedoop, want ferfolging en moard komt by de Satan wei. De wrâld wie yn de tiid fan Menno fûl foar de bernedoop.

Tsjintwurdich binne de kalvinisten noch altyd foar de bernedoop, wylst evangelyske kristenen mear oerhingje nei de doop foar folwoeksenen, of better sein, nei de doop foar dy lju, âld of jong, dy’t foar Kristus keazen hawwe. Mar lykas sein, yn ús tiid is doop (bern/folwoeksenen) gjin grut ûnderwerp fan diskusje mear. De striidfragen fan ús tiid binne: echtskieding, homoseksuele relaasjes en de frou yn it amt. Dêr sjogge wy ek wer hoe’t de frijsinnigen har op it stânpunt fan de wrâld/machthawwers/oerheid stelle, wylst de ortodoksy der mei de Bibel yn ’e hân tsjinyn giet.

Fansels is it it maklikst om mei de miening fan de wrâld mei te gean, en dat dogge in protte tsjerken sa stadichoan ek. As der gjin easken oan minsken steld wurde, is gjinien mear sûndich. Is dat net in hoopfol perspektyf? En as gjinien mear sûndich is, hat gjinien Kristus mear nedich. Of allegear sûndich (ortodoksy) of gjinien sûndich (frijsinnichheid).

Hypokrisy fan Nederlânske menisten

Wat ik as in grutte hypokrisy fan de Nederlânske menisten beskôgje, is dat se har fol sentimentaliteit op Menno Simons beroppe. Krekt as soe Menno Simons ek in frijsinnich kristen wêze. Neat is minder wier. Menno Simons is troch ende wer troch rjochtsinnich en ortodoks, sa’t elkenien begripe kin dy’t syn Fûnemintboek lêst. It is gewoanwei skiednisferfalsking om Menno Simons te ferhearlikjen. Menno soe him omdraaie yn syn grêf as er seach dat syn holle ôfbylde is op de muorre fan it plein foar de Fermanje oan de Wurdumerdyk te Ljouwert. De grize soe him oer de grouwe gean as er de preken fan menistedominys hearre soe of de mieningen fan de boppebazen fan de Algemiene Meniste Sosiéteit. Wat soe Menno sizze fan in tsjerke dy’t net evangelisearret, dy’t de autoriteit fan de Bibel ûntkent, net yn Jezus as Soan fan God leaut, in tsjerke dy’t sa’n bytsje in bywein fan de mieningen en oertsjûgingen fan in partij as D66 is (de favorite partij fan in protte menisten)?

Ortodokse kristenen

Nee, de wiere erfgenamten fan Menno Simons binne de ortodokse menisten en de Amish yn it bûtenlân. Of better, eins is der inkeld mar in mienskip fan ortodokse kristenen. Der soene gjin denominaasjes wêze, inkeld mar gemeenten fan God. Mar hoe stiet it no mei my persoanlik? Ik kom gauris gear mei in broer en in suster, as in foech húsgemeente, mar ik sykje noch altyd nei in gruttere lokale gemeente dêr’t God my by hawwe wol. Miskien is it de tragyk fan de moderne minske dat ik dy net fine sil, mar dan achtsje ik dochs de syktocht op himsels sinfol yn de wittenskip dat ik in protte broers en susters op ’e wrâld haw.

Ein

novimber 28, 2021 08:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.