Taalmienskippen sûnder eigen steat binne kwetsber

novimber 18, 2021 14:44

Val Müstair. Foto Pier Bergsma

Foar it behâld en befoarderjen fan de identiteit fan kulturele en taalmienskippen sûnder eigen steat is publike erkenning en stevige stipe nedich.

Pier Bergsma

Fan 20 oant 23 oktober koartlyn waard yn Mústair, Switserlân, in ynternasjonaal kongres holden mei fertsjintwurdigers út fyftjin Europeeske lannen. Sûnder útsûndering saakkundigen út taalmienskippen sûnder eigen steat. Minsken út bygelyks Roemenië, Frankryk, Bosnië en Albanië. Ik wie der as fertsjintwurdiger fan de Fryske taalmienskip.

Nei twa en in heale dei hawwe wy konklúzjes lutsen. Der waard in offisjele ferklearring opsteld yn it Ingelsk, dy’t bedoeld is foar de lannen dêr’t de dielnimmers weikamen en foar de Europeeske ynstitúsjes lykas de Ried fan Europa en de Europeeske Unie. It is in ferklearring yn offisjeel jargon sa’t dat wenst is. Hjir is er te lêzen: Müstair Declaration. Ik haw der yn deistige taal in pear dingen útfiske.

It kultureel erfgoed fan Europa is diel fan de Europeeske beskaving. Dat is in erfgoed yn ferskaat mei meartaligens as skaaimerk. Binnen kulturele en taalmienskippen sûnder eigen steat bestiet oer it gehiel in sterke wil om de eigen taal en kultuer te behâlden. Der is lykwols net te ûntkommen oan oanpassingen oan nije omstannichheden.

Meartaligens is fan grutte wearde foar de minsklike relaasjes.

Kulturele en taalmienskippen sûnder eigen steat hawwe dúdlik in swakke posysje. Troch assimilaasje komme se yn gefaar. Dêrom hawwe se spesjale beskerming nedich. Lytse folken mei harren eigen taal en kultuer kinne in foarbyld wêze foar it Europa fan moarn, in Europa dat omtinken hat foar ferskaat. Meartaligens is fan grutte wearde foar de minsklike relaasjes. In pear wichtige oanbefellingen foar kulturele en taalmienskippen sûnder eigen steat binne:

  • By it opkommen foar de eigen rjochten is it fan belang om de rjochten fan oaren net út it each te ferliezen. De minskerjochten fan alle yndividuen dy’t ta de groep hearre, moatte respektearre wurde.
  • Der moat dêrom stribbe wurde nei in demokratyske en represintative organisaasjestruktuer.
  • It is winsklik om gearwurking tusken lytse talen en kultueren op tou te setten om in sterke stim yn de ynternasjonale arena te krijen. Sa wurde kulturele en taalkundige mienskippen sûnder eigen  steat fuortsterke.
  • Dêr kinne de digitale mooglikheden fan tsjintwurdich goed by brûkt wurde.

Dizze ferklearring waard oannommen troch 33 fan de 33 saakkundigen dy’t meidiene oan it ynternasjonale seminar, dat holden waard yn Müstair, Switserlân, fan 20 oant 23 oktober 2021.

Pier Bergsma is foarsitter fan de Ried fan de Fryske Beweging
novimber 18, 2021 14:44
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.