Sûnensrie: gjin medyske needsaak foar ekstra prip 60-minners

novimber 3, 2021 09:22

Foto: pixabay.com

Der is noch gjin medyske needsaak om minsken ûnder de sechtich jier in ekstra prip tsjin koroana te jaan, seit Bart-Jan Kullberg, foarsitter fan de Sûnensrie yn Nieuwsuur. Neffens him is der op it stuit gjin oanwizing dat de beskerming tebekrint.

Yn ’e parsekonferinsje tiisdeitejûn sei demisjonêr minister Hugo de Jonge dat de oppepprip earst foar 60-plussers ynset wurdt. Dêrnei kinne ek minsken ûnder de sechtich jier de ynjeksje krije. Dat komt neffens Kullberg net oerien mei it advys fan de Sûnensrie. “Wy hawwe advisearre om minsken in oppepprip oan te bieden as der in medyske needsaak dúdlik is. Dat binne op it stuit de alderâldsten en de meast kwetsberen.”

novimber 3, 2021 09:22
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.