Strjitpoëzij yn Ljouwert

novimber 10, 2021 08:47

De Stichting Poëzietableaus Leeuwarden (oprjochte yn 1993) beheart ûnderwilens sechstich poëzystiennen yn de stêd. Yn de rûte lizze ûnder oare gedichten fan Slauerhoff, Ilja Leonard Pfeijffer, Anne Vegter, Remco Campert en Ellen Deckwitz. Dizze rûte is no ek tagonklik foar minsken mei in beheining fia de nije webside en webapp op poezieroute.nl. De hiele rûte is dêrmei sawol thús as ûnderweis te folgjen.

Kila van der Starre (foto: Marc de Fotograaf)

Kila van der Starre (foto: Marc de Fotograaf)

Akteurs Tamara Schoppert en Raymond Muller hawwe de gedichten ynsprutsen, sadat minsken mei in fisuele beheining nei de teksten harkje kinne. Foar minsken dy’t net yn de gelegenheid binne om de rûte te kuierjen binne der by elk gedicht 360grade-bylden makke. Boppedat binne der foar bûtenlânske gasten Ingelske oersettings oanwêzich en binne de Fryske gedichten ek oerset yn it Nederlânsk.

Haadgast Kila van der Starre joech freed 5 novimber in workshop oer de linguistyske en materiële koade fan strjitpoëzy. Yn de oanslutende lêzing sette de literatuerwittenskipper, poëzykritikus en dichter útien hoe’t dizze foarm fan literatuer ûntstien is en wat de ferskillen binne tusken it fenomeen yn Flaanderen en yn Nederlân.

De nije webside is ûntwikkele troch BWH Ontwerpers en mooglik makke troch Leeuwarden UNESCO City of Literature en it Prins Bernhard Cultuurfonds Fryslân.

novimber 10, 2021 08:47
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.