Strjitbyld Achtkarspelen wurdt ientalich Frysk

novimber 5, 2021 16:21
Foto: Gemeente Achtkarspelen

Zwembad of Welkom is aansen net mear te lêzen yn de doarpen fan Achtkarspelen. De gemeenterie hat tongersdeitejûn in moasje fan FNP en PVV oannommen om alle gemeentlike buorden troch ientalich Fryske te ferfangen.

De gemeente wol it Frysk al langer stypje, mar by fersin wie in djoer boerd mei Zwembad oan ‘e gevel fan swimbad De Kûpe yn Bûtenpost ophongen. Dêr kaam krityk op. No is besletten dat it Nederlânsk net mear brûkt wurde sil. De gemeente sil sjen oft der foar de Frysktalige buorden ek stipe by de provinsje helle wurde kin.

“It moat hiel normaal wêze dat saken yn it Frysk oanjûn wurde”, seit FNP-riedslid Tjibbe Brinkman. “Ik bin bliid dat in mearderheid fan de rie der ek sa oer tinkt.” Neffens him kin in foarbyldgemeente lykas Achtkarspelen it net mear meitsje om yn 2021 Hollânsktalige teksten te brûken.

novimber 5, 2021 16:21
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. wim novimber 5, 19:10

    In boppeslach! Hjir yn de buert (Garyp, t-diel) ha we in peal mei: sportvelden, centrum en zwembad. Dat soe prima yn it Frysk kinne en dan snappe de Hollanners it noch altiten.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.