Skielk mei de boat fan Iemshaven nei Noarwegen

novimber 6, 2021 08:43

Foto: pixabay.com

Fan april takom jier ôf fart der trije kear wyks in fearboat tusken de Iemshaven yn Grinslân en Kristiansand yn Noarwegen. Dêr wurde in kaai en in kantoar foar yn ’e haven boud. Neffens inisjatyfnimmer Holland Norway Lines (HNL) soe dat skielk sa’n hûndert banen opsmite.

De feartsjinst wurdt útfierd troch de MS Romantika, in skip fan hast twahûndert meter lang mei romte foar 2500 passazjiers. Auto’s, karavans en frachtauto’s kinne ek meifarre. De reis tusken de Iemshaven en Kristiansand duorret achttjin oeren. It skip fart om 15.00 oere út Nederlân wei en leit om 9.00 oere de oare deis yn Noarwegen oan.

Neffens HNL binne der benammen yn Noarwegen in protte nigethawwers om Nederlân mei in skip oan te dwaan. De earste ôffeart is op 7 april 2022.

novimber 6, 2021 08:43
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.