Skiedskriuwing It Bilt is no folslein

novimber 9, 2021 09:43

Boarne: Utjouwerij Wijdemeer

Okkerdeis is by útjouwerij Wijdemeer ’t Bildt compleet, van Wad tot Waadhoeke fan Kees Kuiken útkommen. It boek is in aktualisearre kombinaasje fan Kuikens útferkochte proefskrift Het Bildt is geen eiland (2013) en it ferfolch dêrop Van Broedertrouw tot Bildtweb (2014).

It earste haadstik, ‘Sporen en dwaalsporen’, is nij. Dat jout in oersjoch fan wat no oer it Bilt fan foar 1398 bekend is. De dêropfolgjende haadstikken beskriuwe de tiid fan ‘oanwaaks, skouten en skikkingen’ (1398-1506), de ynrjochting fan de polder (1505-1555), de groei en bloei fan it boerepatrisjaat (1550-1650), de ‘aristokratyske graanrepublyk’, fan de Van Harens c.s. (1650-1750), ferljochting en demokratisearring (1748-1851), de iuw fan de Bildtsche Courant (1869-1963) en de tiid fan de ‘Bildtse Beweging’, mei ynbegryp fan it goed en tsjoed fan it Biltsk, de Bilkerts en harren Biltgefoel yn de gemeente Waadhoeke. Dat lêste haadstik is fansels ek oan de aktuele situaasje oanpast.
Mei dat allegearre is de skiednis fan It Bilt no foar it earst folslein beskreaun.

Boekgegevens
’t Bildt compleet, van Wad tot Waadhoeke
248 siden, yllustrearre (foar in part yn kleur)
útjûn yn hurdkaft; priis € 25,00
te besetten yn de boekhannel en yn de webshop fan www.wijdemeer.nl.

novimber 9, 2021 09:43
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.