Sikke Neurich: Moraalrider

novimber 20, 2021 07:41

Kollum

Sikke is dizze simmer 73 jier wurden. No kin ik my yntinke dat der guon lêzers binne dy’t gnyskjend harren miening befêstige fiele dat de kollums fan dizze man oan syn âldens fêst snuorre sitte. Ik bin my bewust fan dat risiko, mar dizze kear heakket myn ûnderwerp yn op wat hjoed-de-dei mienskipsbreed opwâlet: it grutte ferskaat oan wizen fan tapassen en útfieren fan de regels dy’t foar it hjoeddeistige ferkear fêststeld binne.

Juster noch kaam ik op ’e fyts rêstich út ús wenwyk wei op ’e rotonde oan dy’t in bulte ferkear op de rûnwei ferwurkje moat. De auto links neist my hie gjin rjochtingoanwizer nei rjochts oan, mar sloech wol rjochts ôf. No bin ik op myn jierren sa bluisterich net mear, dat ik hold stil, mei ien foet op ’e trottoirbân, mar dochs wol mei in poarsje ûngeduld. Wol gauris stek ik de hân omheech en lit ik, troch mei de tomme en wiisfinger op en del te knipen, de sjauffeur witte dat er in flater begien hat. Ik skat dat twa fan de tsien de middelfinger as reaksje omheech stekke.

It is al in moai skoft lyn dat ik opholden bin mei demonstratyf myn rjocht te claimen en yn sa’n selde situaasje, mei de middelfinger klear, dochs oerstek. Om foar te kommen in namme as beropsseur op te rinnen, moat ik noch ien ding kwyt. Yn it plak dêr’t ik tahâld steane buorden fan ferskate soarten. Ik hâld my no by de snelheidsbuorden. Oan de útfalswei dêr’t wy tichteby wenje stiet in 30 km boerd. No, de goeden net te nei sprutsen, mar in grut part fan de weibrûkers giet, oan it lûd en it sûzjen fan de bannen te hearren, dêr royaal oer hinne.

No haw ik in idee. Ik moat tajaan dat ik op technysk mêd net ien fan de fernuftichsten bin, mar kin hjir net in wapen yn ’e striid smiten wurde dat sawol de snelheid strakker oanpakt as de ynhâld fan ús steatskas rom oanfollet? Ik tink dan oan in systeem fan allegear chips yn ’e wegen dy’t de oertrêdingen perfekt sinjalearje en dy dan daliks oan de belestingstsjinst of in oare ynstânsje trochjowe. Sille we dat dwaan? Ik wit al in protte goede doelen dy’t dêr baat by hawwe kinne. Dupearre âlden yn ’e taslagge-affêre, emigranten en flechtlingen dy’t wat better opfongen wurde kinne en út ús oerladen wolfeartsrip mei-ite kinne. Jaa.., kinne jimme my noch folgje? Stiet my allinne noch te dwaan om jimme witte te litten dat iksels ek alle kearen myn each oer it dashboerd gean lit. Net te hurd. En my op ’e fyts, yndachtich myn 73 libbensjierren, oanpas oan it ferkear. Dat moast ik efkes kwyt.

novimber 20, 2021 07:41
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.