Serkoanyske Keamer yn Museum Belvédère

novimber 29, 2021 09:14

Sintraal yn de eksposysjeromte Arranged Realism – Keunst yn games yn Museum Belvédère op it Hearrenfean is in folsleine keamer út it spul Dishonored 2 neiboud. De keamer is it appartemint en wurkplak fan wittenskipper Dr. Hypatia. Hja docht dêr ûndersyk nei ûnder oare de bloedmiggepleach dy’t it eilân Serkoanos teheisteret. In buste fan Dr. Hypatia is oan ’e oare kant fan de keamer te finen.

Foto: Cor Pot/Museum Belvédère

Boarne: Museum Belvédère

De keamer is spesjaal foar de eksposysje boud troch sênograaf Caroline van de Meent. By it meitsjen fan meubels en oare ûnderdielen is goed te sjen hoe’t de ûntwerpers fan de spultsjes út ús eigen wrâld liene. De wrâld fan Dishonored, benammen de styl op it eilân Serkoanos, is ynspirearre op Fiktoriaansk Ingelân en de arsjitekteur fan moderne stêden lykas Barcelona.

By it yn de keamer kommen kinne besikers in QR-koade scanne om yn it spul sels terjochte te kommen.

De musea bliuwe ek ûnder de nije koroanamaatregels iepen en nigethawwers binne fan tiisdeis o/m sneins fan 11.00 oant 17.00 oere wolkom yn it museum en it museumkafee. Der jilde wol maatregels: besikers fan 13 jier ôf alder hawwe in koroanapas (digitale QR-koade of print) nedich; it dragen fan in mûlekapke is ferplichte foar besikers fan 13 jier en âlder; der moat oardel meter ôfstân fan oare besikers en museummeiwurkers holden wurde.

novimber 29, 2021 09:14
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.