Rotterdamske heechlearaar komt op foar taalrjochten Friezen

novimber 29, 2021 07:00

Santich jier nei Kneppelfreed is it de ryksoerheid noch hieltyd gjin tinken mei it brûken fan de Fryske taal. En dêrmei hâldt it regear him net oan de wet. Dat ferdútste heechlearaar Sigrid Hemels sneon yn har bydrage oan de Fedde Schurerlêzing, ûnder oaren mei in pear konkrete foarbylden.

Sigrid Hemels is heechlearaar belestingrjocht oan de Erasmus Universiteit yn Rotterdam. Se wurket ek foar in abbekatekantoar yn Amsterdam en foar de Universiteit fan Lund. Alhoewol’t se it Sweedsk en it Frysk net goed machtich is, wol se net dat de Sweden harren te bot foar har ferbrekke én hja giet yn ‘e pleit foar it rjocht fan de Friezen om harren taal te brûken, likegoed yn offisjele kontakten mei de oerheid. Wylst se har mar net weage oan it útsprekken fan de troch har keazen titel fan de presintaasje ‘Lyk rjocht foar elk; ek foar in lyts folk’ wie it boadskip der foar it omsittend laach yn de Koperen Tún, sneon yn Ljouwert, net minder dúdlik om.

Heachleraar Sigrid Hemels ûnder har presintaasje foar de Fedde Schurerlêzing. Foto: It Nijs

Sa’n hûndert minsken hiene it oandoard en kom yn tiden fan in fannijs oanboazjende koroanagoarre nei de Fedde Schurerlêzing, dy’t op haren en snaren om’t ôf, in dei foar it yngean fan nije regeljouwing dy’t de gearkomste ûnmooglik makke hawwe soe, noch krekt trochgean koe. Njonken Sigrid Hemels har rede wiene der ek taspraken fan sjoernalist Abe de Vries, histoarikus Bert Looper en in sprutsen kollum fan skriuwster Anne-Goaitske Breteler. De Vries syn oanpart oan de Fedde Schurerlêzing waard juster yn al syn hear en fear op It Nijs publisearre.

De lêzing waard organisearre troch de Ried fan de Fryske Beweging, yn ‘e mande mei Tresoar, Histoarysk Sintrum Ljouwert en de Ljouwerter Krante.

It Frysk is in offisjele rykstaal en mei dus brûkt wurde yn de kommunikaasje mei de oerheid. Mocht dat noch net yn alle wetjouwing eksplisyt ferwurke wêze, Nederlân hat him dêr yn 1996 oan ferplichte by it ratifisearjen fan it Europeesk Hânfêst foar regionale talen of minderheidstalen, sa lei frou Hemels út. En sa’n ynternasjonaal ferdrach giet yn Nederlân boppe nasjonale wetten. Lykwols drige de Belestingtsjinst yn 2016 de tsjerklike stifting FOET syn ANBI-status te ûntnaderjen, om’t de organisaasje in Frysktalige webside hie. Itselde lot wankte foar oare Fryske goededoelenstiftingen. De rjochtlinen fan de Belestingtsjinst binne nei rebûlje dêroer oanpast, mar de mooglikheid om it Frysk te brûken wurdt no noch hieltyd net neamd op de formulieren foar it oanfreegjen fan de ANBI-status. Wylst it brûken fan it Ingelsk, Dútsk en Frânsk wol eksplisyt tastien wurdt. It Ryk hâldt him dêrmei noch hieltyd net oan de ferplichting om it brûken fan it Frysk net allinnich ta te stean mar ek te stimulearjen. Deselde flater wurdt no fannijs makke yn in nij wetsútstel foar transparânsje fan maatskiplike organisaasjes: balâns- en resultaterekkens meie yn de grutte talen fan de lannen om ús hinne opsteld wurde, mar it Frysk wurdt alwer net neamd. It is neffens Hemels net in bewust tsjinakseljen fan útfierende ryksynstânsjes, mar ûnwittendheid. Lykwols moat de oerheid regaad hâlde yn útfieringsrjochtlinen en ynstruksjes foar amtners. Likegoed sûnder in driging fan ôfskieding – dy’t it ryksregear nei Kneppefreed oantrune om prikken yn it wurk te stellen foar de taalrjochten fan de Friezen – soe it Frysk neffens har folle promininter op de Haachske wurklist stean moatte.

Mear details steane yn frou Hemels har presintaasje dy’t foar it ljocht brocht wurde kin troch hjirop te klikken: Presintaasje Sigrid Hemels Fedde Schurerlêzing 2021.

novimber 29, 2021 07:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.