Roosje Hylpen hofleveransier

novimber 2, 2021 18:59

Foto © Prov. Fryslân

It bedriuw Roosje yn Hylpen is sûnt ferline wike sneon offisjeel hofleveransier. Op 30 oktober rikte kommissaris fan de Kening drs. A.A.M. Brok dat predikaat oan de eigener Titus Stallmann út.

Roosje Hylpen is spesjalisearre yn âlde Hylper keunst en makket mei de hân beskildere meubels. Dêrmei kombinearret it âlde techniken mei in nije fyzje op skilderspatroanen en foarmen, sadat bysûndere meubels ûntsteane.

De titel Hofleveransier is bedoeld foar lytse en middelgrutte ûndernimmingen dy’t fan belang binne foar de regio, of fierder in prominint plak ynnimme yn harren bedriuwstûke, goed bekend steane en finansjeel sûn binne.

Roosje is it 27e Fryske bedriuw dat him hofleveransier neame mei.

 

novimber 2, 2021 18:59
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.