Reboelje om Russysk romtepún

novimber 19, 2021 08:50

Yn de wrâld fan de ynternasjonale romtefeart is reboelje ûntstien oer in test mei in antysatellytwapen troch Ruslân. It Amerikaanske regear, romtefeartorganisaasje NASA en de NAVO sizze dat it ynternasjonale romtestasjon ISS en oare romtemissys dêrtroch yn gefaar binne. Ruslân seit dat der net folle oan ’e hân is en stelt dat Amearika sels ek wol better wit.

ISS (foto: NASA)

It skeel draait om it ûntmanteljen fan de Russyske satellyt Zelina-D. Dy wie sûnt 1982 yn ’e romte. Ruslân hat ûnderwilens befêstige dat de Zelina-D yn ’e romte mei in raket ferneatige is. It ministearje fan Definsje yn Moskou seit dat de brokstikken gjin gefaar binne foar oare satelliten of romtestasjons.

Amearika sjocht dat oars. It Space Command fan it Amerikaanske leger seit dat de wapentest laat hat ta in wolk fan mear as 1500 stikken romtepún, dy’t ôfbrekke kinne ta hûnderttûzenen lytse partsjes en jierrenlang yn in baan om ’e ierde draaie kinne. Neffens it Space Command is dat in grut risiko foar de bemanning fan it ISS en oare bemanne romtemissys. It ISS beweecht mei 28.000 kilometer yn ’e oere om ’e ierde. By dy faasje kin ien lyts partsje al foar grutte skea soargje. NASA-direkteur Nelson seit dat astronauten yn it ISS no fjouwer kear mear gefaar rinne as foar de Russyske aksje.

Koart nei it ferneatigjen fan de Zelina-D moasten de sân bemanningsleden fan it ISS nei spesjale kapsules, dêr’t se yn gefal fan in kalamiteit fuortdaliks mei ôfreizgje koene. Nei in oeremannich koene se dy wer ferlitte. De sân romtefarders is opdroegen om lûken nei guon dielen fan it ISS út foarsoarch ôf te sluten. It romtestasjon fljocht it gebiet mei de brokstikken elts oardel oere foarby. Der wurdt troch romtefeartorganisaasjes wurke oan inisjativen om romtepún op te romjen.

novimber 19, 2021 08:50
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.