Raffaella Petrini earste froulike sekretaris-generaal Fatikaanstêd

novimber 6, 2021 19:32
Raffaella Petrini

It lytste algemien erkende lân fan ‘e wrâld hat foar it earst in frou op in heech bestjoerlik plak. De non Raffaella Petrini is beneamd ta sekretaris-generaal fan it deistich bestjoer fan it lân. Hja wurdt dêrtroch it haad fan sa’n twatûzen amtners fan leger, plysje, brânwacht, toerisme en amtlike stêf fan it lantsje.

It steatshaad fan Fatikaanstêd is sûnt 2013 de Argentyn Jorge Mario Bergoglio, dy’t regearret ûnder de pausnamme Fransiskus. Hy stiet bekend as in herfoarmer en hat al ferskate froulike meiwurkers beneamd op plakken dy’t earder foarbehâlden wiene oan manlju. Net ien dêrfan wie oant no ta lykwols sa heech as dat fan suster Petrini.

Frou Petrini is 52 jier âld, hat yn Italië politikology en yn Amearika bestjoerskunde studearre en is sûnt 2019 heechlearaar ekonomy oan de pauslike universiteit Thomas fan Aquino yn Rome.

novimber 6, 2021 19:32
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.