Praat mar Frysk TV: Wat is ‘in fiem Euro’?

novimber 9, 2021 15:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

5 opmerkingen

  1. Jaap Klimstra (Jabik Jans) novimber 9, 17:06

    No tocht ik altyd dat jo in fiem útsprutsen lyk as hiem, en net as in fym

  2. Lb novimber 10, 12:46

    Jawis. Dêrom skriuwe wy ek IE en net Y, mar dat wit de ynterviewer net.

  3. Ed Knotter novimber 11, 11:17

    Soe in fym faaks hûndert wêze? Ik leau der neat fan.
    In fiem (tink om it twalûd) is de ôfstân (6 foet) dy’t jo mei de earms omspanne kinne. Omfiemje.
    It Hollânsk hat ‘vadem’ of ‘vaam’.

  4. Henk Wolf novimber 11, 12:11

    ‘Fiem’, ‘fieme’, ‘fim’, ‘fym’ of ‘fime’ is krekt as ‘dozyn’ (12) of ‘snies’ (20) in wurd foar in tal saken dêr’t yn ‘e hannel mei teld waard/wurdt. Neffens it WFT kin it sawol 100 as 104 (100 plus in fêst lyts kadootsje fan de ferkeaper) betsjutte. Ut de foarbylden yn it WFT kin men ôfnimme dat nôtskeaven en reidbosken oan ‘fi(e)men’ ferkocht waarden.

    De foarm ‘fym’, dy’t de presintator brûkt, bestiet wol, mar hy brûkt op skrift de foarm ‘fiem’ (dy’t ek bestiet). Dat is tink in flater.

    ‘Fiem’ as oantal komt fan it Germaanske *faimaz, dêr’t ek it Dútske ‘Feim’ (nôtbulte) en it Ingelske ‘foam’ (skom) út ûntstien binne. De oarspronklike betsjutting wie nei alle gedachten soks as ‘massa mei protte lucht deryn’ (lykas skom of nôtbulten).

    It is fan oarsprong in oar wurd as ‘fiem’ as djiptemaat, dat Ed Knotter neamt. Dat is besibbe oan it Dútske ‘Faden’ (tried) en komt fan it Germaanske *fathma. Dêr binne yn mear Germaanske talen djiptematen út ûntstien, lykas it neamde Holl. ‘vadem/vaam’, Ing. ‘fathom’ en Sweedsk ‘famn’.

  5. Lb novimber 11, 19:40

    Sjoch, dat fyn ik no nijsgjirrich.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.