Petrit Halilaj presintearret earste útstalling op Nederlânske boaiem yn it Frysk Museum

novimber 21, 2021 09:32

Fan 16 april 2022 oant en mei 5 maart 2023 presintearret it Frysk Museum de earste útstalling fan Petrit Halilaj yn Nederlân. Mei ynstallaasjes, tekeningen en fideo’s ferkent Halilaj (1986, Kostërrc, Kosovo) tema’s as kulturele identiteit, nasjonaliteit en erfgoed. Syn biografy is faak it útgongspunt foar syn wurk.

Petrit Halilaj: ‘Ru’, 2017 (foto: Petrit Halilaj/Chert Ludde, Berlyn)

Fûgels en oare bisten komme faker as ien kear yn it wurk foar, meast as metafoaren foar transformaasje. Bygelyks yn grutskalige ynstallaasjes dêr’t motkostúms en fûgeleftige skulptueren yn te sjen binne. ‘Ru’ (2017) en ‘Shkrepëtima’ (2018), twa fan syn meast renommearre, monumintale projekten, binne fan ’e maitiid fan 2022 te sjen yn Ljouwert. Yn syn soloútstalling yn it Frysk Museum, ferwevet Halilaj realiteit en ferbylding yn ynstallaasjes dy’t de rol fan keunst en kultureel erfgoed binnen in mienskip beljochtsje.

It wurk fan Halilaj is nau ferbûn mei de resinte skiednis fan Kosovo en de politike en kulturele spanningen yn ’e regio. Syn wurk komt fuort út yntime, persoanlike ûnderfiningen, mar rekket tagelyk oan bredere, maatskiplike ûnderwerpen lykas frijheid en identiteit, de wurdearring fan private en publike ferhalen en erkenning fan LGBTQI+. Sy resintste projekt is in bewurking fan 39 bernetekeningen dy’t er op syn trettjinde yn it flechtlingekamp Kukës II (Albanië) makke yn de Kosovo-oarloch (1998-1999). De útstalling is op it stuit te sjen yn Tate St Ives (Feriene Keninkryk) oant 16 jannewaris 2022.

Petrit Halilaj wennet en wurket yn Dútslân, Kosovo en Italië. Syn wurk wie earder te sjen yn soloútstallingen yn Museo Reina Sofía, Madrid; New Museum, New York City; Fondazione Merz, Turyn; Hammer Museum, Los Angeles; Hangar Bicocca, Milaan; Kölnischer Kunstverein, Keulen; Bundeskunsthalle, Bonn; en Wiels, Brussel. Halalaj wie de earste keunstner dy’t Kosovo fertsjintwurdige op de 55e Biënnale fan Feneesje yn 2013.  Sûnt 2020 is er studioprefester oan l’École nasjonale supérieure des Beaux-Arts, Parys, Frankryk.

Petrit Halilaj: ‘Shkrepetima’, 2018 (foto: Petrit Halilaj/Chert Ludde, Berlyn)

novimber 21, 2021 09:32
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.