Pake (gedicht)
Resint ferskynd
Pake
Ik moat noch safolle,
moat nei de Asteken,
nei harren ruïnen,
nei de swaaiende
peniskokers fan de Papoea’s.
Ik wol my noch wuolje
yn it iiskâlde kleed
fan de Súdpoal
mei myn dreambyld fan dy.
Efterop myn Harley,
skatterjend lâns Rûte 66.
Ik moat noch safolle.
Dan giet de efterdoar iepen.
“Pake, kin Pake
myn bân ek efkes plakke?
Ik moat te trainen.”
“Jawis Jurjen…, noch mar efkes wachtsje.”
Inne Bilker
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje