Opstannich
Resint ferskynd
Oertinking
Leed makket opstannich! Ropt ûnberoaide uteringen op. Sa ek by Job. Op ’t lêst die er de mûle iepen en ferflokte er de dei dat er berne wie: Wêrom bin ik net weirekke doe’t ik út ’e memmeskurte kaam. Wêrom gjin miskream, dan hie ’k der net west. Wêrom, wêrom… wêrom? Job is net fan lang ferlyn. Hy is ivich aktueel.
Job, dat binne in heit en in mem dy’t in bern misse moatte.
Job, dat binne froulju en manlju dy’t de partner misse.
Job, dat is dy iene dy’t troffen wurdt troch in slim ûngemak, in beroerte, M.S., reuma of in oare slimme sykte, en dy’t tenei swier handikapt fierder moat.
As sjoernalist bereizge Willibrord Frequin de wrâld. Hy wie faak tsjûge fan heislik leed. Dêrtroch, sa fertelde er ris op ’e telefyzje, wie er syn leauwen yn God kwytrekke. En hy is net de iennige.
Job wol God net kwyt. Hy giet it gefjocht oan mei syn eigen godsbyld en dat fan syn freonen. Hy bestoarmet de himel. “Minsklik en echt is it boek Job troch de twivel, èn de striidfeardigens fan immen dy’t syn leauwen yn God spegelet oan syn libben en dea, mei syn lijen en ellinde.” (Ellen van Wolde)
Oangripend skreau in frou oer it razend wêzen yn it rouproses: “Dat fûn ik as earste: immen om tsjin te razen! Ien dy’t dat taliet. En my net tsjinspriek. Dy taal fûn ik by Job en yn ’e Psalmen. Ik hoegde God net te loovjen, ik mocht Him útskelle. En Hy liet my dêr net om falle!”
Us God kin in soad ha fan minsken dy’t slim leed meimeitsje. Dat leare wy fan Job.
Sille wy minsken yn fertriet de opstannigens gunne?
Lêze: Job 3
ds. Doede Wiersma
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje