‘OMT advisearret koarte tichtplicht fan twa wike’

novimber 11, 2021 09:36

It OMT advisearret it kabinet in koarte tichtplicht om de oprinnende koroanasifers te bestriden. Fanwege de slimmens fan de koroanasituaasje falt dêr net oan te ûntkommen, sizze boarnen om it Outbreak Management Team hinne tsjin de NOS. Neffens de boarnen advisearret it OMT in tichtplicht fan sa’n twa wike.

Foto: GGD

Yn dy rite soene eveneminten skrast wurde moatte en soene bioskopen en teaters ticht moatte. Neffens sizzen soe yn it advys ek stean dat slutingstiden foar de hoareka en de groepsgrutte oanpast wurde moatte. Neffens it OMT kinne de skoallen wol iepen bliuwe.

Nei de koarte tichtplicht soene minsken gjin QR-koade mear krije kinne as se test binne. No is it noch sa dat besikers bygelyks in kafee yn kinne as se twa kear faksinearre binne, as se koroana hân hawwe of as se negatyf test binne. Neffens boarnen advisearret it OMT om nei de tichtplicht dy lêste mooglikheid te skrassen. Sa’n 2G-regel is yn oare lannen al ynfierd. As it kabinet it advys oer in koarte tichtplicht net opfolget, binne neffens it OMT oare, langduorjende maatregels nedich. Dan soe bygelyks de ferplichte oardel meter ôfstân wer weromkomme moatte.

Oft de maatregels echt nommen wurde, is noch net dúdlik. Tongersdeitemoarn is op it Catshûs wer oerlis tusken de meast behelle bewâldfierders en de fêste adviseurs. Der binne ek noch ferskate oare oerlizzen. Freedtejûn is der wer in parsekonferinsje fan demisjonêr premier Rutte en demisjonêr minister De Jonge.

novimber 11, 2021 09:36
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.