Ofsprakeramt greidefûgelbeskerming en Omjouwingsferoardering

novimber 26, 2021 10:32

Skries. Foto © Provinsje Fryslân

It Kolleezje fan Deputearre Steaten hat mei belangstelling kennis nommen fan it Ofsprakeramt dat ferline wike troch alve lânbou-organisaasjes oanbean is. It kolleezje stelt oan de Steaten foar om dat stik as bylage op te nimmen yn de reaksjenota by de Omjouwingsferoardering dy’t kommende maitiid fêststeld wurdt.

“Neffens ús is it Ofsprakeramt yn de geast fan de earder formulearre útwurking fan de soarchplicht. Wol is it sa dat de soarchplicht ûnderdiel is fan de wet dêr’t elkenien him oan hâlde moat. Dêr kinne we neat oan feroarje, mar wy sille mei-inoar sjen moatte oft it Ofsprakeramt de kommende jierren wurkje kin”, seit deputearre Douwe Hoogland.
Yn april 2022 beslút Provinsjale Steaten oer it fêststellen fan de Omjouwingsferoardening. It kolleezje stelt oan Provinsjale Steaten foar om de útwurking fan de soarchplicht foar greide- en boufûgels dêr net yn op te nimmen. Dêrneist is it advys om it Ofsprakeramt as bylage op te nimmen yn de reaksjenota dêr’t alle ynkommen sjenswizen fan de Ontwerp Omgevingsverordening yn behannele wurde.

Beskerming fan greidefûgels
Alve lânbou-organisaasjes hawwe ôfpraat hoe’t se de kommende jierren yn Fryslân greidefûgels beskermje wolle. Dat barde neidat de lânbousektor fan ’e maitiid oanjoech de útwurking fan de soarchplicht yn de Ontwerp Omgevingsverordening net wurkber te achtsjen. Yn it Ofsprakekader greidefûgels Fryslân falt te lêzen hoe’t de lânboupartijen mei de útwurking fan soarchplicht foar greidefûgels omgean wolle.

It dokumint is ûndertekene troch Agractie, Het Friesch Grondbezit, Agrarische Jongeren Fryslân, Farmers Defence Force, Land- en Tuinbouw Organisatie Noord, Kollektivenberied Fryslân, Feriening Biologyske Boeren Fryslân, Netwerk Grondig, Nederlandse Melkveehouders Vakbond, Dutch Dairymen Board en de Nederlandse Akkerbouw Vakbond. It Ofsprakeramt dield mei natuer- en miljeuorganisaasjes.

novimber 26, 2021 10:32
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.