Oangripende ferhalen yn nije skiednissearje ‘Koude Oorlog’

novimber 20, 2021 08:51 Fernijd

In jonge frou troch de leafde fertize yn de DDR, in toerist oppakt en beskuldige fan spionaazje, in nuodlike antykommunistyske rede… Ta betinking fan de fal fan de Sovjet-Uny yn 1991 wurde yn in fiiddielige searje, makke troch de redaksje fan Andere Tijden, ûnbekende Nederlânske ferhalen út de Kâlde Oarloch opdjippe. Ferhalen fan ‘gewoane’ manlju en froulju dy’t yn harren libben te krijen hiene mei de spanningen om It Izeren Gerdyn. De fertelstim is fan Hans Goedkoop.

Dzsingisz Gabor (boarne: NTR)

Yn de earste ôflevering op freed 26 novimber:
Dzsingisz Gabor is berne yn Hongarije, Hans Renner yn Tsjechoslowakije. It libben efter It Izeren Gerdyn falt harren swier. Foar Gabor is it delslaan fan de Hongaarske Opstân (1956) it brekpunt. foar Renner it delslaan fan de Praachske Maitiid (1968). Mei pine yn it hert ûntflechtsje se harren heitelân.

Hans Renner (boarne: NTR)

De 18-jierrige Nederlânske Jannie Niehot beslút har yn 1970 by har freon yn de DDR nei wenjen te setten. Mar dat giet net fansels. Earst wurdt se folslein troch de steat kontrolearre. Yn har nije libben fernimt Jannie dat se oppasse moat mei wat se seit en docht. De buorlju kinne ferklikkers wêze. Dan nimme sy en har man in rigoereus beslút.

Jannie Niehot (boarne: NTR)

Utstjoering: fan 26 novimber ôf alle freeds, 22.15 oere, NPO 2

novimber 20, 2021 08:51 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.