Nuodlik Súd-Afrikaansk skaai koroanafirus wreidet yn Europa (bywurke)
Resint ferskynd

In nije foarm fan it koroanafirus reizget troch Europa. It giet om in foarm dy’t ynearsten yn Súd-Afrika obstrewearre is, as eanje wittenskipsljuwe dat it skaai earder al yn oare Afrikaanske lannen de omgong dien hat. De Afrikaanske leat oan ‘e koroanastambeam is gâns besmetliker as syn trutlingen.
Mei’t de sikehuzen de koroanapasjinten skraach in plak jaan kinne, wol de oerheid it wreidzjen fan it folle besmetliker firus safolle mooglik ôfremje. Minsken dy’t út it súdlike part fan Afrika (dus ek út oare lannen as Súd-Afrika) nei Nederlân ta fleane moatte, meie de fleanmasine oars net yn as mei in faksinaasje yn ‘e lea of in betrouber testbewiis dat hja gjin koroana hawwe. Dêrta moatte hja in saneamde PCR-test ûndergean. Firuskundige Marc van Ranst hat de oerheid warskôge dat eins elkenien test wurde moat, mei’t ek reizgers dy’t yninte binne it firus oerbringe kinne.
Oft it nije firusskaai minsken ek slimmer siik makket as syn fiere sibben, is noch net bekend. It kin ek wêze dat minsken der minder siik fan wurde, wat neffens saakkundigen by goarren gauris bart, mei’t in firus in gruttere kâns hat om bestean te bliuwen as it minsken mar in bytsje siik makket, sadat hja net thús bliuwe en it firus oan oaren trochjouwe. Oft dat lykwols no ek al it gefal is, moat fierder ûndersocht wurde. Firuskundige Rogier Sanders seit dat er derfan útgiet dat de ynintings dy’t de oergrutte mearderheid fan ‘e minsken yn Europa sa njonkenlytsen krige hat, minder goed wurkje om sykte troch de Súd-Afrikaanske nijkommeling foar te kommen. De aaiwytskyl om it firus hinne wykt op 32 plakken ôf fan deselde dy’t it oarspronklike koroanafirus hie. De faksins hawwe it lichem derop taret om de aaiwytskyl fan dat oarspronklike firus oan te fallen. Wykt de skyl fan in firus dêr tefolle fan ôf, dan wit it lichem net wat it dermei oan moat.
Wittenskippers hjitte de nije firusfoarm de o-fariant. De letter o is net ús Fryske o fan smook, mar de Grykske letter o-mikron. It is in foarm dy’t ûntstien is út de β-farianten (bêta). Eins hie de Grykske letter χ (chi) oan bar west. Yn it Ingelsk wurdt dy lykwols almeast werjûn as Xi en dat is ek de skaainamme fan ‘e Sineeske presidint Xi Jinping. Om foar te kommen dat der diplomatyk gehakketak efter it brûken fan ‘e namme wei komt, binne de wittenskippers fuort nei o ta sprongen.
UPDATE 17:54 oere: it RIVM hat buorkundich makke dat by trettjin minsken yn Nederlân de nije foarm fan it koroanafirus oantroffen is.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje