Noardlik Filmfestival kundiget slotfilm en start kaartferkeap oan

novimber 1, 2021 08:38

De slotfilm foar it Noardlik Filmfestival is bekend: Spencer, de nijste film fan bekroand regisseur Pablo Larráin (No, Ema, Jackie). It festival is fan woansdei 10 oant en mei snein 14 novimber, diskear mei in hybride edysje. Njonken fysike moetingen en films op it grutte doek, is in seleksje films ek online te sjen mei de festivaldagen. De kaartferkeap set op woansdei 3 novimber om 12.00 oere útein. De ferkeap is twa dagen útsteld, yn ôfwachting fan eventuele oanskerpingen fan de koroanamaatregels dy’t op ’e parsekonferinsje fan 2 novimber oankundige wurde.

Byld út de film ‘Spencer’ (boarne: Noardlik Filmfestival)

Spencer
Topaktrise Kristen Stewart krûpt yn ’e hûd fan prinsesse Diana yn dizze nije film fan regisseur Pablo Larráin. Har houlik mei prins Charles is yn Spencer al lang bekuolle. Nettsjinsteande geroften oer affêres en in echtskieding geane de krystaktiviteiten gewoan troch op it bûten fan de keninginne yn Sandringham. Diana ken it spul, mar se beslút dat har leafdeleaze houlik mei prins Charles net wurket. Se moat ôfwike fan it paad dat foar har as takomstich keninginne útstippele is.

De film wurdt sneintejûn 14 novimber om 19.45 oere fertoand yn ’e grutte seal fan Stedsskouboarch De Harmonie yn Ljouwert. Foarôfgeand oan de film wurdt de publykswinner fan it festival bekendmakke en it festival offisjeel ôfsletten.

Iepeningsfilm
De film dy’t op woansdeitejûn 10 novimber om 20.00 oere it festival iepenet, waard al earder oankundige. Dat is de Nederlânske premjêre fan Silence of the Tides, in yntins sinematografysk portret fan regisseur Pieter-Rim de Kroon, dêr’t it hieltyd ‘sykheljen’ fan it Waadgebiet yn sintraal stiet.

Tusken de iepenings- en de slotfilm hawwe besikers de kar út likernôch 110 lange en koarte spylfilms en dokumintêres, dy’t presintearre wurde yn de programmaûnderdielen Noordse Focus, Noorderkroon, EcoCinema, Junior en Specials. Dat lêste programma bestiet ek út oare bysûndere aktiviteiten, lykas in filmkwis, ynstallaasje, livemuzyk en mear. In oersjoch is op de webside fan it festival te finen.

‘Different but familiar’
In protte fan it programma en festival is fertroud, mar fanwege koroana binne der ek saken krekt wat oars as oars. Wat foar fêste besikers fertroud fiele sil, is de gemoedlike sfear fan it festival, dêr’t film, aventoer en moeting sintraal yn steane en dêr’t se har fiif dagen lang yn ûnderdompelje kinne. Tikjend festivalhert foarmje De Harmonie en Slieker Film, dêr’t wurdt it festival dit jier foar it earst ek holden yn Pathé Ljouwert, De Lawei yn Drachten (freed en sneon) en De Koornbeurs yn Frjentsjer (sneon). Nij binne ek it EcoCinema-programma en de útsprutsen foarnimmens ta in duorsumer festial. Dat lêste is dan ek ien fan de redenen dat der gjin programmaboekje printe wurdt. It online platfoarm, dêr’t in part fan de films op fersyk te sjen wêze sil, is in oanfolling op it festival.

It folsleine programma stiet op noordelijkfilmfestival.nl.

novimber 1, 2021 08:38
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.