Nijsgjirrich geologysk monumint by Mûnein

novimber 16, 2021 16:00

Efkes bûten it doarp Mûnein leit oan de Halligendyk, yn ’e buert fan húsnûmer 21, in nijsgjirrich geologysk monumint. It is, om krekt te wêzen, in part fan it Bûtenfjild, 319 hektare grut, dat beheard wurdt troch it Fryske Gea, fuortby de Bouwepet. Dat is in oarspronklik natuergebiet om in lyts streamke hinne, mei petgatten yn in feanlânskip.

Foto MV

Tûzenen jierren lyn, yn de foarlêste iistiid, kamen dêr út Skandinavië wei in bulte swerfstiennen telâne. Yn 1999 waard troch Jan Faber, inisjatyfnimmer mar tagelyk ek de betinker en bouwer, it momumint iepene yn oanwêzichheid fan ûnder oaren de Sweedske ambassadeur.

It monumint bestiet út in swerfstieneilân Dat de foarm fan Noarwegen, Sweden en Finlân hat. Op in ynformaasjesboerd wurdt útlein wêr’t de stiennen oarspronklik weikomme. Dy kamen hjir, yn de perioade fan de ruilferkaveling mei byhearrende grûnwurksumheden, ‘boppe wetter’. Sa’n 10.000 hat Faber foar ûndersyk meinommen en úteinlik, fansels mei help, dellein yn in ûndergrûn fan semint.

Foto MV

In poepetoer wie it om sa’n natuerhystoarysk monumint te meitsjen, mar it is úteinlik moai slagge. It leit yn in moai stikje Fryslân mei natuergebieten en in kuierpad troch de Bouwepet, mei ek noch achttjin grutte swerfstiennen. It is it hiele jier troch te besjen. Allinnich yn it briedseizoen (fan april oant juni) mei men der net trochhinne kuierje. It moaiste is it om de stilte dêr te ûndergean mei allinne fûgels en hynders as tsûgen fan jins oanwêzigens.

Foto MV

Matthijs Verkuijl

novimber 16, 2021 16:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.