Nije poëzijfilm fan Nyk de Vries, Dichter fan Fryslân: ‘Unwis’
Resint ferskynd
Snein 7 novimber gie by Omrop Fryslân de poëzijfilm ‘Ongewis/Unwis’ yn premjêre, de lêste yn in rige fan sân koarte films dy’t Nyk de Vries as Dichter fan Fryslân makke, tegearre mei filmmakker Herman Zeilstra. De Ingelske oersetting is fan David Colmer.
De tekst ‘Unwis’ is ôfkomstich út De Vries syn nije bondel Asman, dy’t op woansdei 17 novimber presintearre wurdt yn de Doka fan it Folkshotel yn Amsterdam, mei ferskate optredens en gasten lykas Klaske Oenema, Sinan Cihangir en Dorien de Wit.
Sjoch op Facebook foar mear ynformaasje.
Op freed 12 novimber nimt De Vries ôfskie as Dichter fan Fryslân by Explore the North yn de Westertsjerke yn Ljouwert. By dy gelegenheid wurdt de nije Dichter fan Fryslân bekend makke en offisjeel beneamd.
Unwis
Ik sjoch it sa wer foar my: It pak
dûbeldrank op it nachtkastje, susters
hastich op ’e gong. Sechstjin jier lyn is
it dat se troch it MCL riden waard. Gjin
noasje noch fan gizelsoftware of
cyberkriminelen.
Se hie oare dingen oan ’e holle. In oare
fijân gizele har, kontrolearre har
systeem. In oare macht liet har
moannenlang hoopje en wachtsje, lake
om har ôfhinklikheid om úteinlik mei it
lêste ultimatum op te draven.
As se noch libbe hie, wat hie se fan ús
takomst fûn? Fan ’e hekken en muorren
dy’t we noadich ha om hackers, fan
watfoar soarte ek, bûtendoar te hâlden,
om ús frijheden te garandearjen?
De ûnwisse takomst hie har swier
oangriisd, tocht ik. Mar juster, ynienen,
hearde ik ús mem flústerjen:
It is it bêste en djoerste dat we hawwe.
Nyk de Vries | Dichter fan Fryslân
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje