Nije koroanafariant yn Súd-Afrika

novimber 26, 2021 08:58

Yn Súd-Afrika is in nije koroanafariant ûntdutsen. Dy is B.1.1.529 neamd en hy ferspriedt him fluch yn de tichtbefolke provinsje Gauteng. Dêr lizze de miljoenestêd Johannesburch en de haadstêd Pretoria yn. Israel en it Feriene Keninkryk hawwe nei oanlieding fan de opkomst fan de fariant reisbeheiningen foar in stikmannich Afrikaanske lannen ynsteld.

Foto: pixabay.com

It koroanafirus dûkt hieltyd yn nije foarkommens op, mar nije mutaasjes stjerre ek faak wer út. Súd-Afrikaanske wittenskippers hawwe noed, mei’t it tal koroanabesmettingen gau tanimt en dat de nije fariant dêr mooglik de oarsaak fan is. Nei in rite mei sa’n 200 nije gefallen deis, rûn dat tal woansdei op nei 1200 en juster nei 2465. It liket derop dat de nije goarre de krêft dêrefter is.

In spesjale wurkgroep fan de Wrâldsûnensorganisaasje bûcht him op fersyk fan Súd-Afrika hjoed oer de nije goarre. Mooglik kriget de B.1.1.529-fariant ek in oantsjutting mei in letter út it Gryske alfabet, lykas de no dominante deltafariant. In Súd-Afrikaanske koroanaspesjalist seit dat de nije fariant in protte mutaasjes hat, wêrûnder mear as tritich mutaasjes dy’t foar fersprieding fan belang binne. Net mear as 24 persint fan de ynwenners fan Súd-Afrika is folslein faksinearre en it tal faksinaasjes deis is noch net de helte fan de 300.000 dêr’t it regear nei stribbet.

Israel hat Súd-Afrika en syn buorlannen op ’e reade list set. Wa’t yn sa’n lân komt en gjin ynwenner fan Israel is, komt Israel net yn. Reizgers dy’t út dy lannen nei Israel weromkomme, moatte sân dagen yn karantêne. It Feriene Keninkryk nimt ek maatregels. Fan freedtemiddei ôf wurde alle flechten út Súd-Afrika en syn buorlannen nei it FK annulearre. Alle reizgers dy’t op in oare wize út dy lannen it FK ynkomme, moatte ferplichte yn karantêne.

Bywurke freed 10.45 oere: Fan 12.00 oere ôf jildt in ferbod op flechten nei Nederlân út lannen yn súdlik Afrika wei. Dat hat it demisjonêre kabinet besletten nei oanlieding fan de nije koroanafariant. Fierder wurdt súdlik Afrika taheakke oan de list mei lannen mei in tige heech risiko. Dat betsjut dat in karantêneplicht jilde sil, lykas in dûbele testferplichting. Neffens minister De Jonge binne op it stuit noch twa flechten út súdlik Afrika ûnderweis nei Nederlân.

novimber 26, 2021 08:58
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.