Nij boek fan Ferdinand de Jong: ‘De museummoard’

novimber 25, 2021 08:54

Boarne: Bornmeer

Fan ’e wike ferskynt by útjouwerij Bornmeer De museummoard, skreaun troch Ferdinand de Jong.

Krekt as Paolo Lione fierder sil mei syn ynlieding, klinkt der in hurde gjalp troch de seal. ‘Sjoch dan! Dêr!’

De iepening fan de útstalling troch de wrâldferneamde Italiaanske keunstner Paolo Lione wurdt wreed fersteurd as der in lyk yn in bêd fan roazebledsjes yn de Prinsewyk ûnder it Hearrenfeanster museum driuwt. It blykt in slim tatakele frou te wêzen. Resjersjeur Annet Hillema en har partner Marcel Pronk begjinne in ûndersyk. Annet ropt de help yn fan har eks-kollega, priveedetective Paul Graafsma. Dy bedarret yn de wrâld fan de Italiaanske maffia. Neat is wat it liket, sa docht bliken.

ISBN 978 90 5615 893 4 | papieren omkaft | 192 siden | € 19,90

De museummoard is te keap by de boekhannel en fia www.bornmeer.nl.

novimber 25, 2021 08:54
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.