Nei 70 jier libbet Kneppelfreed o sa

novimber 16, 2021 08:29

Ofrûne sneon wie der koroanarebûlje op it Saailân yn Ljouwert. Nimmen kin yn de takomst sjen, mar it liket oannimlik dat dy wol wer gau fergetten wêze sil. Foar de rebûlje om de Fryske taal, hjoed op ’e dei ôf santich jier lyn, presys op itselde plak, jildt dat perfoarst net. Omreden fan it jubileum is der op it stuit rûnom omtinken foar. In multimediaal oersjoch, mei streekrjochte keppelingen, om maklik troch te klikken.

Foar wa’t de feiten net goed (mear) wit, is der kar-út yn mooglikheden foar byspikerjen. Fansels stiet de Slach op it Saailân, sa’t de opskuor ek wol oantsjut wurdt, op de Wikipedy. Mar it ferhaal hat it ek skopt ta de kanon fan de Fryske skiednis. In ferzje fan Jangerben Mulder is fjouwer jier tebek publisearre op It Nijs en tweintich jier lyn wie der omtinken foar op de lanlike telefyzje: yn it programma Andere Tijden; it ûnderwerp begjint op likernôch tolvenheale minút. “Het Fries is cultureel omarmd en in één beweging door, maatschappelijk onschadelijk gemaakt”, konkludearre presentator Hans Goedkoop yn 2001.

Namste nijsgjirriger is it, hoe’t it der no foarstiet. De media dûke derop. De Ljouwerter Krante liet ûndersykje wat de hâlding foar it Frysk oer no is en hoe’t de kennis fan de taal der foarstiet. “Friesland is zeer gehecht aan de status van tweede rijkstaal”, konkludearret de krante út de resultaten. Omrop Fryslân makke in programma oer it Frysk yn de hjoeddeistige rjochtseal, dat it foarbije wykein útstjoerd en hjir noch te besjen is (en der komt noch mear).

Yn tydskrift DE NIJE dat no yn de winkels leit, freget Frysk dichter, essayist, literêr kritikus, sjoernalist, útjouwer, oersetter en fotograaf Abe de Vries him ôf oft Kneppelfreed eins gjin ôfsluting wie yn stee fan in nij begjin. Yn DE NIJE dy’t kommendeweis is, besprekt Bert Looper, oant foar koart direkteur fan histoarysk sintrum Tresoar, de ynfloed fan Kneppelfreed op de keunst. Der ferskynde sels in boek oer Kneppelfreed en wat it ús brocht hat: Peter Boomsma presintearre okkerdeis in alhiel fernijde ferzje fan syn eardere boek dêroer út 1998, dat wer in bewurking wie fan syn doktoraalskripsje út 1988. As de Friezen der net om tinke, drage se sels by oan it ferkwânseljen fan harren identiteit, sei kommissaris Arno Brok by dy gelegenheid, want: “Wy skeakelje yn in sucht oer op it Nederlânsk.” De Ljouwerter krante ferskynde 16 novimber mei  foar in part in Frysktalige edysje. Yn 2001 die de LC dat ek alris.

As der gjin sâlt yn it iten struid wurdt troch koroanamaatregels kin men der ek foar op út. Yn de ûntfangsthal fan it Provinsjehûs is in lytse eksposysje oer Kneppelfreed. De Fedde Schurerlêzing, op 27 novimber, giet der diskear eksplisiter as oars oer en Boomsma jout lêzings; yn alle gefallen noch in kear yn de doarpstsjerke fan de Rottefalle op 28 novimber (mar ek te besjen op Facebook). En der is in toanielstik oer, yn it Paleis fan Justysje yn Ljouwert sels, fan Pier21, dêr’t op it stuit noch wat kaarten foar in stikmannich foarstellings fan binne.

novimber 16, 2021 08:29
Skriuw in reaksje

1 opmerking

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.