Nederlân hâldt dochs op mei finansiering fossile brânstofprojekten yn bûtenlân

novimber 10, 2021 08:11 Fernijd

Nederlân ûnthjit dochs om op te hâlden mei ynvestearringen yn bûtenlânske koale-, oalje- en gasprojekten. It regear hat besletten him oan te sluten by in groep lannen dy’t mei de klimaattop yn Glasglow ûnthjitte om binnen in jier in ein te meitsjen oan de oerheidsstipe foar fossile projekten bûten de eigen lânsgrinzen.

Foto: pixabay.com

It demisjonêre kabinet sei earder dat it kommende kabinet dêr in beslút oer nimme moat. Dat late ta lilkens by miljeuorganisaasjes en in stikmannich politike partijen. Under mear de Feriene Steaten, it Feriene Keninkryk en de Europeeske Ynvestearringsbank sleaten har earder al by de ûndertekeners oan.

Nederlân is sûnt ferline jier al yn petear mei it bedriuwslibben oer de mooglike ôfbou fan stipe foar fossile trânsaksjes fia garantstellingen, sei in wurdfierder fan it ministearje fan Finânsjes earder. De Nederlânske oerheid stie yn 2020 foar goed 4,5 miljard euro boarch foar (taleveransiers fan) de oalje- en gassektor, docht bliken út stikken fan de eksportkredytfersekerder fan de Nederlânske steat.

Wat it beslút konkreet betsjutte sil, kin it demisjonêre kabinet noch net sizze. Neffens Rutte giet it om in “wichtige earste stap” en moatte saken no fierder útwurke wurde. It is net sa dat de garantstelling fan fjouwer miljard euro foar de projekten samar nei duorsume enerzjy kin, “mar de rjochting is no dúdlik en de stap betsjut in protte”, seit Rutte.

novimber 10, 2021 08:11 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.